Grutte drokte op Flylân fanwege de feale lyster. Dizze bysûndere fûgel is sjoen yn de achtertún fan in hûs oan de Doarpsstrjitte. De dyk oan de Waadsee stiet fol mei minsken mei grutte kamera's om it bêste plaatsje te sjitten fan it bistje. Yn West-Europa is de fûgel in tige seldsume gast. Yn Nederlân hawwe der neffens Wikipedia tusken 1996 en 2011 mar twa waarnimmingen west. Dat makket dat it eksimplaar op Flylân fûgelleafhawwers yn beweging set hat.
Neffens Jan Houter fan Flylân binne der noch bysûndere fûgels op Flylân, it giet om de Sibearysk toarnhipperke (braamsluiper), in skiere gierswel en in swartkieltsje (roodborst tapuit).
Copyright © 1992-2024 Deception Tours - No Guts - No Glory!